Moard yn tsjerke
Meindert Bylsma, Jan Schotanus
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ′e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boereadel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op ′e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen.De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek "De Blomkes" neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins yn it testamint? In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn de searje oer "De Blomkes". Earder ferskynden Allegearre snie en Moard yn ′e hite hei. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
specificaties
- digitaal luisterboek
- Westerlauwers Fries
- Audiofrysk
- AF-F
- Volwassenen
praktische informatie
Blijf op de hoogte van het laatste nieuws
Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.
Schrijf je in (opent in een nieuw tabblad/venster)