Nei it mystearje

Willem Tjerkstra

Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy't troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er oan it fersyk fan Bouke Blomhof foldien. De fraach is oft er it mystearje fan it libben ek ûntdekt hat. Hy is yn elk gefal ta ûntdekking kommen dat de minske libbet tusken de skimmels ûnder syn fuotstappen en de stjerren boppe syn eachopslach. De namme fan it lêste boek hie likegoed wêze kinnen Tusken Skimmels en Stjerren. Dêrtusken giet alles troch, ek nei it mystearje oan de ein fan In Fryske Odyssee. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

praktische informatie

Titel
Nei it mystearje
Auteur
Willem Tjerkstra
Taal
Westerlauwers Fries
Editie
In Fryske Odyssee
Formaat
e-book
Doelgroep
Volwassenen
Onderwerpen
Literaire fictie algemeen, romans en novellen ; oorspr. - Fries, Fictie: algemeen en literair, Literatuur & Romans
Genres
Fictie
PPN
436786567
ISBN
9789464628333

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window