Moard yn tsjerke

Meindert Bylsma

De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek "De Blomkes" neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins krekt yn it testamint? In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn in searje oer "De Blomkes". Earder ferskynden Allegearre snie en Moard yn 'e hite hei. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

specificaties
  • e-book
  • Westerlauwers Fries
  • Elikser

praktische informatie

Titel
Moard yn tsjerke
Auteur
Meindert Bylsma
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
e-book
Doelgroep
Volwassenen
Onderwerpen
Detective, Detectives, romans en novellen ; oorspr. - Fries
Genres
Fictie
PPN
434963275
ISBN
9789463654111

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window