Krêftfjilden

Willem Tjerkstra

Krêftfjilden is it sechde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften en Bertekrêft wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1984. Yn Krêftfjilden wurdt ferteld oer ferskillende persoanen mei in krêftfjild om har hinne. Sa belibbet Bouke Blomhof twa kear it krêftfjild fan in Alvestêdetocht, yn 1985 fan tichtby en yn 1986 op ôfstân. Marc Chagall skept mei syn byldzjende keunst yn Ruslân, Frankryk en de Feriene Steaten ferskillende krêftfjilden. De fjouwer grûnlizzers fan de Feriene Steaten lizze mei de Unôfhinklikheidsferklearring fan 1776 it krêftfjild fan in nije naasje oan. Yn dit krêftfjild krije net alle befolkingsgroepen gelikense rjochten. Yn it sânde boek fertelle slaven en yndianen har ferhaal fan de ûnderdrukking. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

praktische informatie

Titel
Krêftfjilden
Auteur
Willem Tjerkstra
Taal
Westerlauwers Fries
Editie
In Fryske Odyssee
Formaat
e-book
Doelgroep
Volwassenen
Onderwerpen
Literaire fictie algemeen, romans en novellen ; oorspr. - Fries, Literatuur & Romans
Genres
Fictie
PPN
434273899
ISBN
9789464248159

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window