Spegelspreuk

Lida Dykstra, Lida Dykstra

Spegelspreuk is in spannend aventoer oer de freonskip tusken in ûndernimmend prinske en syn lakei, Lodelakei. Ljouwert, 1757 De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe, Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Prinsessehof. Earst ferfeelt Willem him ôfgryslik. Mar dat feroaret as in âld wyfke yn it keunstkabinet fan it paleis in spegelspreuk útsprekt. Troch dy betovering komme, alle kearen as de klok tolve oeren slacht, bisten fan tegels ta libben. En ek noch in grutte man, dy't Willem de namme Lodelakei jout. Tegearre mei Lodelakei besiket Willem de spegelspreuk om te kearen. Want de betovering begjint hieltyd mear út de hân te rinnen. It wurdt in striid tsjin de klok. Willem en Lodelakei reizgje dwers troch Ljouwert, soms midden yn de nacht. Sil it har slagje de stêd te rêden fan sân ferskuorrende, fjoerspuiende draken? Spegelspreuk jout in soad nijsgjirrige ynformaasje oer de stêd Ljouwert en it libben oan it hof fan Marijke Muoi yn 'e 18de ieu. Dat skriuwster Lida Dijkstra keunsthistoarikus fan berop is, docht wol bliken. Der binne yn dit boek alderhanne histoaryske gegevens en ôfbyldings ferwurke. Learsum, jawis. Mar boppe-al is Spegelspreuk in spannend aventoer oer de freonskip tusken in ûndernimmend prinske en syn lakei. Inhoud 1: Willem wol Ljouwert yn 2: Wobbe en Krasser 3: Helje de hofmaster 4: Opsletten yn it paleis 5: Ferfele yn in apepakje 6: Op 'e nij Wobbe en Krasser 7: De spegelspreuk fan Foekje 8: Ik sil him wol pakke 9: De tegelman 10: Lode wurdt lym-en-oppaslakei 11: Wy nimme in hopke 12: Ik tink dat wy Knoop fun ha 13: Sneupe yn 'e bibleteek 14: De klok stiet, de klok rint 15: De leguaan 16: Yn 'e draachkoets 17: Willem en Lodelakei ha ruzje 18: Fest under de oaljefant 19: Ynbrekke by Foekje 20: Do net 21: Der is de hazze wer 22: Lode wurdt sketten 23: Willem kriget in palfrenier De haadrolspilers De rekwisiten It dekor In leske Fransk In wurd fan tank Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

specificaties
  • digitaal luisterboek
  • Westerlauwers Fries
  • Aed Levwerd

praktische informatie

Titel
Spegelspreuk
Auteur
Lida Dykstra, Lida Dykstra
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
digitaal luisterboek
Doelgroep
Jeugd
Speelduur
03:51:17
Onderwerpen
Kinderboeken algemeen
PPN
431630941
ISBN
9789461496324

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window