Gefaarlik spul foar Mentha Minnema

Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Jan Schotanus, Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Jan Schotanus

Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. It levere seis mini-aventoeren op dy't hjirre troch de skriuwers sels foarlêzen wurde. By Anny de Jong giet it earst om in ynbraak yn har eigen hûs, dêr't Grate syn bêst docht, mar de stellerij net foarkomme kin: In bliedend slachtoffer. Har twadde ferhaal spilet him ôf yn de diskowrâld. Mentha Minnema moat der de feestklean foar út de kast helje, mar de saak wurdt oplost: In fan troch it lint. Riemkje Hoogland-Pitstra komt mei: It geheim fan buorfrou Afke, oer it smokkeljen fan ferbeane bisten, dêr't de aardige buorfrou tsjin har sin by belutsen is. En it ferhaal Skat ûnder de flier, dêr't in âlde frou mear neilitten hat as dat se earst tochten. Allinne, wa kriget de erfenis? Fan Jan Schotanus binne Broers op it dievepaad, oer it smokkeljen en yllegaal ferkeapjen fan telefoankaarten, en it ferhaal Broadsjes foar de boargemasters, dêr't de bakkerij njonken Mentha Minnema bedrige wurdt fanwege de bakkerslucht. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997. Inhoud In bliedend slachtoffer / Anny de Jong It geheim fan buorfrou Afke / Riemkje Hoogland In fan troch it lint / Anny de Jong Broers op it dievepaad / Jan Schotanus In skat under de flier / Riemkje Hoogland Broadsjes foar de boargemaster / Jan Schotanus Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

specificaties

praktische informatie

Titel
Gefaarlik spul foar Mentha Minnema
Auteur
Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Jan Schotanus, Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Jan Schotanus
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
digitaal luisterboek
Doelgroep
Jeugd
Speelduur
03:00:04
Onderwerpen
Fictie 10-12 jaar, Fries
PPN
431630925
ISBN
9789461496034

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window