Liet foar myn jonge

Riek Landman, Hinke Wolthuizen

De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei it eardere doarp yn Fryslân spilet ek hieltyd mear op. Dizze sfearfolle roman smyt de lêzers werom op harren eigen gefoelens fan langst en dreamen en fan mooglikheden ta treast. Nei de súksesfolle trilogy De tiid fan Jentsje, De striid fan Marte en De leafdes fan Janne, en it boekewikegeskink Fammen fan Gaasterlân is dit de nije grutte roman fan Riek Landman. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

specificaties

praktische informatie

Titel
Liet foar myn jonge
Auteur
Riek Landman, Hinke Wolthuizen
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
digitaal luisterboek
Doelgroep
Volwassenen
Speelduur
05:14:23
Onderwerpen
Literaire fictie algemeen, Literatuur & Romans
PPN
431630798
ISBN
9789461495037

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window