Sûnder garânsje

Froukje Annema, Grytsje Reitsma-Snoek

... Kwea-aardich. In kwea-aardige tumor. Wat hold dat yn? Wat hie sa'n ding mei har lichem? Hoefier siet it fierder al troch har lichem? En wat woene se mei har lymfeklieren? Wêr sieten dy dingen eins? Dat se dat net iens wist. 'Se wiene mis, Hilda, finaal mis,' dat sei Freark. 'Dyn kânsen binne goed,' dat sei er ek. Hoe goed? Wat moast in minske mei kânsen as it om syn libben gong! In minske woe wissens, garânsje... In fragmint út dizze tredde roman fan Froukje Annema, Sûnder garânsje. It is it ferhaal fan de frou dy't samar fan in sûn minske yn in kankerpasjinte wurdt. Op yngeande wize is yn dizze roman beskreaun wat oer de haadpersoan Hilda en har neisten hinne komt en wat it betsjut fierder libje te moatten 'sûnder garânsje'. Froukje Annema (1941-1998), hat grutte bekendheid krigen mei fiif ferhalebondels en de romans Twasprong en Maleur yn maaie. Troch har flotte ferteltrant, skerp observearjen fan minsken en sitewaasjes, sprekt de skriuwster in grut tal lêzers oan. Dat sil grif ek it gefal wêze mei Sûnder garânsje. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

specificaties

praktische informatie

Titel
Sûnder garânsje
Auteur
Froukje Annema, Grytsje Reitsma-Snoek
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
digitaal luisterboek
Doelgroep
Volwassenen
Speelduur
06:36:43
Onderwerpen
Literaire fictie algemeen, Literatuur & Romans
PPN
431630305
ISBN
9789461496577

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window