Ik bedoel mar

Froon Akker, Geartsje de Vries

Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop. It binne ferhalen dêr't minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy't it bestean yn 't fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy't like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy't, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt. De ferhalen litte sjen hoe't it bestean bytiden fan tafallichheden oanelkoar hinget, wêrby't it oan de personaazjes yn dit boek is om in oplossing te finen. De toan yn de ferhalen is licht holden, humor en earnst geane hân yn hân, krekt sa't it yn it 'echte' libben ek gean kin. Portier 1 Lotgenoaten 2 In stjer, in planeet 3 Ik bedoel mar 4 De grap foarby 5 De smaak fan Lize 6 In delikate kwestje 7 Skets fan in tún 8 Blommen foar Alice 9 De nachtrinner 10 A bus with a view 11 It wol net bite hjoed 12 Frou mei parka 13 Bestjurre yn ljocht 14 Passion 15 Leafde foar de fyts 16 Wolkom yn Bûtenpost Portier Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

specificaties

praktische informatie

Titel
Ik bedoel mar
Auteur
Froon Akker, Geartsje de Vries
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
digitaal luisterboek
Doelgroep
Volwassenen
Speelduur
07:44:34
Onderwerpen
Verhalenbundels, Verhalenbundels & Columns, Literatuur & Romans
PPN
431630100
ISBN
9789460381294

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window