Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 4
Nyk de Vries, Nyk de Vries
De finish-lêzing fan de Literêre 4-Stêdetocht giet oer in nijsgjirrich ûnderwerp dêr't net earder ûndersyk nei dien is. Begjin 1996 sette in lyts groepke studinten yn Grins útein mei in literêr tydskrift yn it Frysk. It begûn as in aardichheidsje, mar as tydskrift krige de De Blauwe Fedde stadichoan mear lêzers. It waard in poadium foar in nije generaasje fan jonge skriuwers, dy't net de barrikaden opsochten, mar op iroanyske wize skreaunen oer it deistich libben, mei al syn banaliteiten, rare setten en humor. De Blauwe Fedde hat bestien oan de ein fan 2002 ta, mar mooglik is der in nije Frysk literêre streaming út ûntstien. Nyk de Vries, studint skiednis yn dy tiid, wie der sels by. Hy beskriuwt de beweging en jout syn fisy op de takomst fan de Fryske literatuer, de mooglikheden foar fernijing en de tapassing fan de nije media troch skriuwers. Hy is û.o. bekend as performer fan 'proazagedichten', hiel koarte ferhalen. Syn nijste bundel hjit: De dingen gebeuren omdat ze rijmen. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
specificaties
- digitaal luisterboek
- Westerlauwers Fries
- Audiofrysk
praktische informatie
Blijf op de hoogte van het laatste nieuws
Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.