In oare wei, mei oare eagen

Wilma Miedema

Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa jier krijt se in oare diagnoaze: MS. Willemien fertelt hoe't har libben hjirtroch folslein feroare is. Doe pas is se begûn, har erfaringen fan eartiids te ferwurkjen. Se nimt de lêzer mei troch har libben en fertelt û.o. oer har skieding en de swierrichheden by it grutbringen fan har bern. Mar ek oer har syktocht om sa sûn mooglik te bliuwen en oer de tiid dat sy folle bewuster begûn te libjen. It wie in drege wei, mar se hat der in hiel protte fan leard. Troch har ferhaal te fertellen yn dit boek, hopet se oaren te stypjen dy't ek mei soksoarte swierrichheden te krijen hawwe. In earlik en inspirearjend ferhaal fan in sterke frou dy't de moed hat, har eigen wei te gean. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

praktische informatie

Titel
In oare wei, mei oare eagen
Auteur
Wilma Miedema
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
e-book
Doelgroep
Volwassenen
Onderwerpen
Waargebeurde verhalen: algemeen, Omgaan met / advies over persoonlijke, sociale en gezondheidsonderwerpen, Waargebeurde verhalen, Waargebeurd, autobiografieën
Genres
Non-fictie
PPN
424843072
ISBN
9789463652025

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window