Moard yn 'e hite hei

Meindert Bylsma

Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol. Diel 1, Allegearre snie, ferskynde yn 2015. Ek yn dit boek toant Bylsma him wer in boeiend ferteller, mei each foar detail en in humoristyske ynslach. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

praktische informatie

Titel
Moard yn 'e hite hei
Auteur
Meindert Bylsma
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
e-book
Doelgroep
Volwassenen
Onderwerpen
Misdaad en mystery: politieserie, Detective, Detectives, romans en novellen ; oorspr. - Fries
Genres
Fictie
PPN
418235902
ISBN
9789463650557

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window