Libben en dea neffens Jelke Bos

Tr. Riemersma, Jelke Bos

Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben fan de minsken yn it algemien en dat fan syn baas Omkoal yn it bysûnder. Jelke rekkenet derop dat it manuskript mei syn tinzen oer it libben en oer de dea wol troch Omkoal fûn wurde sil. 'Ik skink him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje.' 'Fansels kinne wy hûnen wol prate, alle hûnen kinne prate al fan âlde tiden ôf oant hjoeddedei ta. Mar wy dogge it net. Wy sille wol gek wêze. As minsken yn 'e rekken krije dat wy prate kinne, dan is dat foar har in bewiis dat wy yntelligint binne en dan skêkelje se ús helendal yn it arbeidsproses yn.' 'Mar no't ik sels dwaande bin myn libben oer te eidzjen, haw ik spitigernôch gjin oare termen om myn fielingen mei te beneamen as de minsklike. Wy hûnen prate noait oer soks. En ik wit net oars of ik moat in wat grynderige toan oanslaan. No, dat liket my op fleanen, ik wol nofteren prate oer it libben en de dea en dat dwaan yn gewoane wurden.' Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

praktische informatie

Titel
Libben en dea neffens Jelke Bos
Auteur
Tr. Riemersma, Jelke Bos
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
e-book
Doelgroep
Volwassenen
Onderwerpen
Literaire roman, novelle, romans en novellen ; oorspr. - Fries, Fictie: algemeen en literair, Oorspronkelijk Nederlandstalig, Literatuur & Romans
Genres
Fictie
PPN
413362140
ISBN
9789089549952

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window