Slangen ûnder it bêd

Hilda Talsma

Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname. Hilda Talsma hat namme makke mei har flotte, meinimmende romans De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy), Brekber en har skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners. Slangen ûnder it bêd is har earste jeugdroman, skreaun nei in idee fan Henk de Vries. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

praktische informatie

Titel
Slangen ûnder it bêd
Auteur
Hilda Talsma
Taal
Westerlauwers Fries
Formaat
e-book
Doelgroep
Jeugd
Onderwerpen
Kinderen / tieners: fictie: actie- en avonturenverhalen, Fictie 15+, 12-18 jaar - Verhalen, jeugdboeken ; verhalen
Genres
Fictie
PPN
411872192
ISBN
9789089549730

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window