Obe Postma

Tineke Steenmeijer-Wielenga, Geart van der Meer

In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). It earste diel, 'Al wat ik skriuw, dat is wier bard' is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip. It diel 'Fier haw ik myn dreamen weide / En de himmel iepen sjoen' is skreaun troch Geart van der Meer en bestiet út seis yngeande 'lêsferslaggen' fan de poëzij fan Postma, mei dêrnêst inkelde artikels fan him oer Postma syn oersettingen (fan Emily Dickinson, Rainer Maria Rilke en Edna St. Vincent Millay). Fierder is ek opnommen syn gearfetting fan de filosofy fan Postma. Foar elke leafhawwer fan de poëzij fan Postma in oanrieder! Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

praktische informatie

Titel
Obe Postma
Auteur
Tineke Steenmeijer-Wielenga, Geart van der Meer
Taal
Westerlauwers Fries
Editie
Obe Postma-rige
Formaat
e-book
Doelgroep
Volwassenen
Onderwerpen
Biografie en non-fictieproza, Biografieen literaire auteurs, Schrijvers, levensbeschrijvingen
Genres
Non-fictie
PPN
411872141
ISBN
9789089549402

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window