Foar de lins

Paulus Akkerman

De ferhalen `Foar de lins fan Paulus Akkerman yn de `Sneon en Snein-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ôf oan - dat wie 9 oktober 1965 - in grut en tankber lêzerspublyk fûn. Net allinne de âlderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze ferhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein, want Akkerman is in smoute forteller en in skerpe opmerker, ek fan de moderne tiid. Paulus Akkerman nimt yn syn ferhalen de minske foar de lins. Benammen de lytse man, de ferhûddûke minske, dy't tamtearre en gnjirde wurdt troch de maatskippij, dy't te lider slein wurdt troch libben en lot, dy't net mear past yn `it systeem, dy't der oer rekket. It binne boer en arbeider, winkelman en skipper dy't it paad romje moatte foar sanearing, ruilferkaveling, krotopromming, yndustrialisaasje en útwreidingsplannen. Hy tekent dy minske op 'e drompel fan de âlde nei de nije tiid mei in skerp each foar it detail, mei in tûk ear foar it praat fan `gewoane minsken en mei in mylde, faken wat mankelike humor. De skilder P.H. van Asperen út Ljouwert hat sfear en toan fan Akkerman syn ferhalen tige goed oanfield en treflik fêstlein yn syn tekeningen. Hy is sels 73 jier en kin dus de tastannen en figueren, dy't Akkerman beskriuwt, út 'e pinne. Syn `Evert winkelman op it omslach is wol symboalysk foar de minsken, dy't yn dit boekje foar de lins lâns komme. Mei dizze kar hopet de Ljouwerter Krante de tûzenen lêzers fan `Foar de lins in deugd te dwaan en tagelyk in lyts minsklik dokumint to jaan fan in Fryslân, dat sa hurd oan it feroarjen is. Paulus Akkerman (1908 - 1982) groeide op yn in ienfâldich, grifformeard middenstânsmiljeu en wie bakker yn Marrum en kassier fan in bank op Skiermûntseach. Hy wie in tige populêre folksskriuwer en publisearre san tweintich romans en hûnderten sketsen, kursyfkes en koarte ferhalen. Yn 1971 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

praktische informatie

Titel
Foar de lins
Auteur
Paulus Akkerman
Taal
Westerlauwers Fries
Editie
Leeuwarder Courant-serie
Formaat
e-book
Doelgroep
Volwassenen
Onderwerpen
Klassieker, Verhalenbundels, Essays, Verhalenbundels & Columns, romans en novellen ; oorspr. - Fries
Genres
Fictie
PPN
385981260
ISBN
9789089543684

Blijf op de hoogte van het laatste nieuws

Nooit meer iets missen? Meld je aan voor een nieuwsbrief van de OBA en ontvang ons laatste nieuws, boekentips, activiteiten en nog veel meer in je mailbox.

Schrijf je in
Open in a new window